Oarsaak lekkend gas by Huhtamaki noch net bekend

20 okt 2017 - 11:55
Foto: CAMJO Media

De oarsaak fan it lekken fan it giftige gas wetterstofsulfide yn it papierfabryk Huthamaki yn Frjentsjer is noch hieltyd net bekend. De masine dêr't it lek ûntstie, is fuorthelle en wurdt ûndersocht. Sawol it bedriuw as de brânwacht tinke dat twa stoffen mei mekoar mingd binne, wêrnei't it giftige gas ûntstie.

It fabryk draait sûnt woansdeitemoarn wer. It lek soarge yn de nacht fan moandei op tiisdei foar in gefaarlike situaasje. Helptsjinsten rieden massaal út en omwenners krigen in oprop om ruten en doarren ticht te hâlden. Trije meiwurkers waarden net goed. Mei harren giet it no goed, se krije wol slachtofferhelp oanbean.

(advertinsje)
(advertinsje)