Jongstra ferhuzet fan Grins nei de Recycle Boulevard

20 okt 2017 - 11:06

Keunstner Claudy Jongstra ferhuzet begjin desimber mei in part fan har bedriuw nei de Recycle Boulevard fan Omrin Estafette yn Ljouwert. It giet om it 'Waste NO Waste LAB' fan Jongstra, dat no noch yn it Suikerunie-gebou yn Grins fêstige is. It LAB sil him yn Ljouwert dwaande hâlde mei fernijende en duorsume inisjativen. Jongstra is benammen bekend fan har filten keunstwurken. Dy binne ûnder oare opnaam yn de kolleksjes fan it Ryksmuseum, it Victoria en Albert Museum yn London en en it San Francisco Museum of Modern Art. Jongstra hat boppedat in permaninte eksposysje yn it Fries Museum yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)