Plysje yn aksje foar poes op de Weaze yn Ljouwert

20 okt 2017 - 10:55

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitenacht in kat út it rioel rêden. Op de Weaze wiisde in man de plysjes op in frjemd lûd dat út it rioel kaam. Al gau die bliken dat der in poes yn it rioel telâne kaam wie en der sels net út komme koe. De plysjes tilden it lid fan it rioel en hellen de kat derút. Meiwurkers fan de diere-ambulânse ha de kat ûnderbrocht by it asyl.

Trefwurden: 
kat rioel plysje rêdingsaksje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)