Tuorkemjitter wer terjochte: yn ûnderhâld by Jouster bedriuw

20 okt 2017 - 10:40

It byld De Tuorkemjitter yn Aldeboarn is wer terjochte. It byld wie spoarleas. No docht bliken dat it yn opdracht fan de gemeente Hearrenfean ophelle is troch it Jouster bedriuw Zijlstra Betontechnyk. Dy is drok dwaande it byld op te knappen. Ynkoarten wurdt it kreas yn de farve werom set op it fertroude plakje.

Doarpsbelang Aldeboarn die oanjefte fan stellerij, nei't it byld op 22 septimber fuorthelle wie troch twa manlju yn in wyt buske. Earst waard tocht dat it byld oan de kant moast foar de Gondelfeart of fuorthelle wie yn ferbân mei in âldjiersaksje. Letter waard tocht oan kweade opset.

In wurdfierder fan de gemeente Hearrenfean lit witte it hiel ferfelend te finen dat it sa rûn is. Der is fan út gong dat it byld yn behear wie by de gemeente en der is net by stilstien dat it oars lizze koe. Nei oanlieding fan dit misferstân siket de gemeente út oft der noch mear bylden binne dêr't soks mei barre kin, sa as yn de doarpen dy't by de lêste weryndieling by de gemeente Hearrenfean kaam binne. De gemeente hat yntusken kontakt hân mei Doarpsbelang Aldeboarn.

Trefwurden: 
De Tuorkemjitter Aldeboarn
(Advertinsje)
(Advertinsje)