Ljouwerter skoalle donearret ambulânse oan Afrikaansk doarp

It doarp Fougou yn it Afrikaanske Guinee krijt it Fryske ambulânse. Mei tank oan trije dosinten fan it OSG Piter Jelles - de Dyk hoege de ynwenners fan it doarp net mear twa dagen te rinnen of jild te beteljen om by in sikehûs te kommen. Al fan 2014 ôf garret de skoalle jild om in sikewein te keapjen foar de minsken yn it bertedoarp fan dosint Mahmoud Ba.
Yn 1996 kaam Ba nei Nêderlân ta, mar hy besiket Foudou noch regelmjittich. En dat in ambulânse dêr hurd nedich is, wit Ba mar al te goed: "Veel mensen gaan dood daar. Als er wat ernstigs is gebeurd of iemand moet bevallen, dan gaan er vaak mensen dood omdat het ziekenhuis te ver weg is of ze geen geld hebben om daar te komen. En er is maar één ambulance in een regio die ongeveer net zo groot is als Friesland".
Omboude jeep
Mei syn kollega's Leo Brandsma en Michiel Frankot hat Ba de stifting Fougoulance oprjochte en mei allegearre ynsamlingsaksjes ha se in bedrach fan 20.000 euro ophelle. Mei dit jild koe der in Nissan Pathfinder oanskaft wurde, dy't troch Visser Carrosserie yn Ljouwert ta in folweardige sikewein omboud is.
De jeep hat spesjale bannen wêrmei't troch dreech begeanber gebiet riden wurde kin. De fjirde stoel op 'e efterbank hat pleats makke foar in brankaar en hat bygelyks in bloeddrukmeter en opblaasbere spalken. De ambulânse is tige lúkse foar Afrikaanske begripen, mar yn Nêderlân mei der net mei riden wurde. Dat hat te krijen mei allegearre regels dy't der yn Afrika net binne.
Ferrassing
Ba is tige benijd wat de minsken derfan fine: "Ze weten het daar nog niet, het moet een verrassing voor ze zijn. Ik vind het heel spannend. Ik heb er al drie dagen niet van kunnen slapen, want er moet ook nog veel geregeld worden."
Yn de hjerstfakânsje wurdt de sikewein fia Antwerpen nei Guinee brocht en mei de krystdagen sille Mahmoud Ba en syn kollega Leo Brandsma de sikewein nei Fougou ride. Dêr sille se nei de krystdagen minsken útlizze hoe't de ambulânse wurket. De ynsamling giet yntusken gewoan troch, want om de sikewein yn de takomst ek ride te litten is jild nedich. Yn it jier sa'n 6.000 euro om brânstof, ûnderhâld, medysk spul en personiel fan te beteljen.