Rabobank slút pinautomaat yn Makkum nei plofkreaken

20 okt 2017 - 08:03

Nei twa mislearre plofkreaken yn Haulerwyk en Bakkefean slút de Rabobank de pinautomaat oan de Tsjerkestrjitte yn Makkum. Der is yn it doarp begryp foar de situaasje, mar bewenners en ûndernimmers wolle dat der gau in alternatyf komt. Minsken dy't no pinne wolle yn Makkum, kinne telâne by de Jumbo supermerk of by de pinautomaat by de Holle Poarte. Mar dizze situaasje is neffens Martin de Jong fan it Pleatslik Belang Makkum fier fan ideaal.

Op dit stuit binne der gjin oare pinautomaten fan de Rabobank Snits-Súdwest-Fryslân dy't sletten wurde, mar dêr kin letter mooglik feroaring yn komme, seit direkteur Jan Pieter van Oosten. In losse jildkiosk by de haven kin in mooglike oplossing wêze, mar neffens Van Oosten sil dat net earder barre as yn 2018. Pleatslik Belang fynt dat der foar de krystdagen in alternatyf wêze moat.
 

(advertinsje)
(advertinsje)