Twa 'fermiste' Britten binne wer boppe wetter

19 okt 2017 - 22:52

De twa Britten dêr't ynwenners fan Damwâld nei op syk wiene, binne fûn. It giet om famylje fan ien fan de bemanningsleden fan in Ingelske bommewerper dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn 'e buert fan Damwâld delkaam is.

De twa manlju út Ingelân wiene dizze wike op syk nei it plak dêr't it fleantúch delkaam wie, mar it wie net dúdlik oft se it ek fûn hiene. Fia de mail is no dúdlik wurden dat dat slagge is. Takom jier wurdt op it plak fan de crash in soarte fan tinkstien ûntbleate. Dêr wol de Ingelske famylje graach by wêze.

De beide Britten ha dizze wike by de grêven fan de bemanningsleden west, yn de tsjerke fan Damwâld. Se wiene "extremely moved" doe't se by 'The Dent' kamen, sa't it iennige bemanningslid dat de crash oerlibbe it plak neamt dêr't it tastel delkaam.

Trefwurden: 
Damwâld Britten
(Advertinsje)
(Advertinsje)