Spitse wint mei Oranje oefenwedstriid fan Eastenryk

Sherida Spitse © ANP
Mei Sherida Spitse fan Snits as oanfierder hat it Nederlânsk frouljusalvetal tongersdeitejûn de oefenwedstriid fan Eastenryk wûn. Yn in dizich Sankt Pölten wie de Europeesk kampioen mei 2-0 te sterk foar de thúsploech. Spitse spile de hiele wedstriid, wylst Sisca Folkertsma fan Sleat net oan spyljen takaam.
Healwei de earste helte kaam Nederlân op foarsprong. Stefanie van der Gragt makke de goal nei in frije traap fan Spitse. In kertier foar de ein fan de wedstriid makke ynfalster en âld-Hearrenfeanspylster Vivianne Miedema der 2-0 fan.
De wedstriid tsjin Eastenryk wie de lêste test foar de Nederlânske froulju. Takom tiisdei begjint mei de earste WK-kwalifikaasjewedstriid it echte wurk. Oranje spilet dan yn Grins tsjin Noarwegen.