Gjin scratchmedalje foar Wim Stroetinga op EK

19 okt 2017 - 21:41
Wim Stroetinga (hjir yn in oare wedstriid) - Foto: ANP

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat tongersdeitejûn op de Europeeske kampioenskip baanhurdfytsen op it ûnderdiel scratch gjin medalje wûn. Stroetinga einige yn de finale nei sechtich rûntsjes op it fjirtjinde plak. It goud gie yn Berlyn nei Adrien Garel út Frankryk.

Dêrmei is it toernoai foar Stroetinga noch net foarby: snein komt er mei Yoeri Havik yn aksje op it ûnderdiel keppelkoers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)