Auto bedarret yn sleat lâns Harnzerstrjitwei yn Ljouwert

19 okt 2017 - 19:09
Auto bedarret yn sleat lâns Harnzerstrjitwei - Foto: AS Media

Yn Ljouwert is tongersdei oan it ein fan de middei in persoane-auto yn de sleat bedarre. Dit barde lâns de Harnzerstrjitwei, yn 'e buert fan it Crystalic Business Park.

It is net bekend hoe't de auto dêr krekt telâne kaam is. It ferkear dat de stêd útride woe, stie koarte tiid stil. By it ûngelok is nimmen ferwûne rekke.

(advertinsje)
(advertinsje)