Oerlis oer húsfêsting fan kasarbeiders yn Berltsum

19 okt 2017 - 18:52

Utstjoerburo VZM út Bleiswijk sil de kommende wiken mei de gemeente Menameradiel oerlizze oer de rebûlje yn Berltsum. VZM wol sa'n hûndert bûtenlânske útstjoerkrêften - saneamde kasarbeiders - byinoar húsfestje yn fjirtjin nije gesinswenten yn nijbouwyk De Pôlle.

De oare bewenners, meast jonge húshâldingen, binne bot skrokken fan dy plannen. Sy fine it gjin goed idee om in grutte groep útstjoerkrêften yn ien blok tusken de jonge gesinnen te pleatsen. Guon bewenners fiele harren 'besoademitere' om't se hjir net oer ynformearre wiene doe't se in hûs yn de nijbouwyk kochten.

VZM wol no mei de gemeente en it doarp beprate wat se dwaan kinne oan de grutste beswieren tsjin it plan. Wurdfierder Ruud Kok fan VZM wol noch net kwyt hoe't er de bewenners krekt temjitte komme wol, mar seit dat er de beswieren wol hiel serieus nimt.

'Earder ynformearje'

Boargemaster Theunis Piersma fan Menameradiel is kritysk oer de gong fan saken. Hy fynt dat de projektûntwikkelers en boubedriuw Lont de oare keapers en buertbewenners folle earder ynformearje moatte hienen. Ek freget Piersma him ôf oft it wol yn it bestimmingsplan past om groepen útstjoerkrêften ûnder te bringen yn iengesinswenten.

Ein novimber komt der in twadde ynformaasjejûn oer de húsfêsting fan bûtenlânske útstjoerkrêften. Dan moat ek dúdlik wurde wêr't de eventuele oanpassings fan it plan út besteane.

(advertinsje)