Twa himpkwekerijen oantroffen yn Ljouwerter wenning

19 okt 2017 - 17:30
Foto: Plysje

By in ynfal yn in wenning yn de Boksdoornstrjitte yn Ljouwert hat de plysje tongersdei twa himpkwekerijen oantroffen. By de iene kwekerij wiene de planten al rispe, by de oare stienen mear as 100 planten. Dy planten en de kweekapparatuer binne yn beslach naam en ferneatige, sa meldt de plysje. In 35-jierrige Ljouwerter is as fertochte heard yn dizze saak. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
himpkwekerij wenning Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)