Omrop TIP: Mata Hari yn byld

21 okt 2017 - 07:34

It wie ôfrûne wike 100 jier lyn dat, de yn Ljouwert berne, Mata Hari troch in Fransk eksekúsjepeloton deasketten waard. Sûnt dy tiid hâldt sy ús yn ‘e besnijing. Fan in ferliedlike dûnseres oant in gefaarlike spionne, fan in femme fatale oant in slachtoffer fan misbrûk, hieltyd wurdt in oar byld fan har sketst. Omrop Fryslân reizgje ôf nei Parys en socht út watfoar oanlûkingskrêft dy stêd no krekt op Mata Hari hie.

Publisiste Hanneke Boonstra skriuwt blogs en in boek oer Mata Hari. Boonstra tocht lang sels famylje te wêzen fan de spionne en har syktocht nei Mata Hari smyt dan ek prachtige ferhalen op.

De Frânske histoarikus Jean Pierre Turbergue komt ek oan it wurd. Hy is de man dy’t as earste alle geheime dokuminten ynsjoen hat, dy’t desennialang opburgen leine yn it Frânske militêre argyf fan Vincennes. Turbergue hat de saak troch en troch bestudearre en komt ta ynteressante konklúzjes oer de spionaazjeaktiviteiten fan Mata Hari.

Dêrnjonken folgje we yn dizze Fryslân DOK Tet Rozendal, de aktrise dy’t yn de rol fan Mata Hari krûpt. Nei ôfrin fan har toernee naam sy in pear libbenslessen fan Mata Hari oer, dy’t har libben op ‘e kop setten. Tet Rozendal kriget no foar it earst de kâns om har foarstelling yn Parys te spyljen.

De Fryslân DOK dokumintêre ‘Mata Hari’ is op snein 22 oktober om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

Trefwurden: 
Omrop Tip
(Advertinsje)
(Advertinsje)