Plysje siket tsjûgen yn saak stekpartij Ljouwert

19 okt 2017 - 16:48

Yn de saak fan de deadlike stekpartij yn Ljouwert is de plysje op syk nei trije froulju, dy't mooglik wat sjoen ha. Ferline wike tiisdei waard op it Jacobijnertsjerkhôf yn Ljouwert in man delstutsen, dy't koart dêrnei ferstoar.

Ut ûndersyk fan de plysje hat bliken dien dat om dy tiid hinne trije froulju op de treppen sieten by it natuermuseum. De plysje wol graach mei dizze froulju yn kontakt komme, om't se miskien wat sjoen ha. Fierder freget de plysje minsken dy't miskien byldmateriaal ha, dat fan belang wêze kin, oft se harren melde wolle.

De plysje hat earder in 38-jierrige Ljouwerter oanhâlden yn dizze saak. Dy sit noch fêst. De útfeart fan it slachtoffer fûn tongersdeitemiddei plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)