Zaandammer frijsprutsen fan mishanneling Twizelerheidster

19 okt 2017 - 16:14
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 22-jierrige man út Zaandam is frijsprutsen fan de mishanneling fan in 19-jierrige ynwenner fan Twizelerheide. De Zaandammer moast foarkomme omdat er it slachtoffer tsjin de holle skopt ha soe. Dat barde op It Amelân by in rûzje tusken twa freonegroepen. It slachtoffer en syn freonen hiene de fertochte oanwiisd as dieder, mar dy ûntkende. Syn freonen seine ek dat hy it net dien hie. Neffens de rjochtbank is der te min bewiis tsjin de man út Zaandam. It wie te tsjuster en boppedat hiene alle belutsenen dronken. Ek hie ien fan de maten earst in oarenien oanwiisd as dieder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)