Spesjale stimwizer oer weryndieling gemeenten beskikber

19 okt 2017 - 16:06
Foto: ANP

Foar de weryndielingsferkiezings fan ein novimber is in spesjale stimwizer ûntwikkele. Dy is fan freed ôf te finen op ynternet. Ywenners fan de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke kinne allegear in eigen ferzje fan de stimwizer ynfolje.

Njonken de online stimwizer is der ek in 'StickerStemWijzer'. Dizze stimwizer wurdt oanbean op bygelyks politike merken. Minsken kinne op in formulier stikkers plakke achter stellings. As alle stikkers plakt binne, kin it formulier skend wurde en krije minsken op basis dêrfan in stimadvys.

(advertinsje)
(advertinsje)