Tal ynsekten yn Fryslân ôfnaam: "It 'zoemt' net mear"

19 okt 2017 - 15:31

Miskien hast der gjin erch yn hân, mar der binne tsjintwurdich folle minder miggen, wespen, bijen en flinters as tritich jier lyn. In hiel grut part fan de fleanende ynsekten is ferdwûn, sizze Dútske ûndersikers. Yn bepaalde gebieten yn Dútslân is it tal ynsekten yn tritich jier mei trijekwart ôfnaam. Der is yn Fryslân gjin ûndersyk nei dien, mar neffens ynsektesaakkundige Peter de Boer is de situaasje hjir mooglik noch slimmer. "It 'zoemt' net mear bûten de natuergebieten."

Ekologyske ramp

De measte minsken fine it net slim dat der wat minder fan dy bistjes binne, mar it is wol in hiel grut probleem. In ekologyske ramp sels, seit De Boer. Ynsekten binne ûnmisber foar de bestowing fan planten en se binne in belangrike skeakel yn de natuer. Dat der minder ynsekten binne, ha we oan ússels te tankjen, fynt De Boer. "Wy ha der alles oan dien om se te bestriden en ús greidegebieten ha we kompleet ûngeskikt makke foar ynsekten. Dat hat ek gefolgen foar de greidefûgels dy't se ite."

Arkjes fan Noach

Neffens de ynsektesaakkundige kinne we noch wol wat oan de situaasje dwaan. "We moatte as de bliksem hannelje, no't se der noch binne. We moatte in soarte fan arkjes fan Noach meitsje as flechthaven foar de ynsekten, troch bygelyks mear blommen en planten yn de greiden en ús tunen te setten."

Trefwurden: 
ynsekten
(Advertinsje)
(Advertinsje)