Byld De Tuorkemjitter yn Aldeboarn is spoarleas

19 okt 2017 - 15:23

De Tuorkemjitter út Aldeboarn stiet net mear op syn plak. Nei't earst tocht waard dat it byld fuorthelle wie yn ferbân mei it evenemint Gondelfeart Aldeboarn of in âldjiersaksje, wurdt no tocht dat it byld stellen is. Op freed 22 septimber waard it byld fan keunstner Zweitse van der Wal foar it lêst sjoen.

Op dy dei waard it byld troch twa manlju mei geweld fuort helle en yn in wyt buske stoppe. It byld is yn eigendom fan doarpsbelang Aldeboarn, dat oanjefte by de plysje dien hat.

Ferkearde ynskatting

Ronald de Jong fan it pleatslike kafee seach it barren doe't beide manlju it byld oan it fuortheljen wiene. Hy spruts de twa oan en krige fan harren te hearren dat it om in ûnderhâldsbeurt gie. "Ik ha se sels noch kofje oanbean, om't it waar wat suterich wie", sei De Jong.

Jan de Kam fan doarpsbelang Aldeboarn hat allinnich nea opdracht jûn foar in ûnderhâldsbeurt. Doe't De Kam letter oan De Jong frege wêr't it byld bleaun is, waard dúdlik dat it mei kweade bedoelings fuorthelle is.

Trefwurden: 
Aldeboarn De Tuorkemjitter
(Advertinsje)
(Advertinsje)