"Leeuwarden is een bolwerk van klantcontactcentra"

19 okt 2017 - 14:07

Ljouwert is in bolwurk fan klantkontaktsintra oan it wurden. Hieltyd mear bedriuwen fêstigje haren belsintrum hjir. Der binne yn Fryslân dan ek hûnderten fakatueres yn dizze sektor. Net allinnich om't der troch de ekonomyske groei mear wurk is, mar ek om't der dreech minsken foar te finen binne dy't it wurk dwaan wolle. Dat seit Marcel Keizer fan it UWV.

Dat it dreech is om foldwaande minsken oan it wurk te krijen yn in klantkontaktsintrum hat alles te krijen mei it imago fan it wurkjen yn in belsintrum. By it UWV besykje se in ein te meitsjen oan dizze foarynnommenheid. Foardiel fan dit wurk is dat âldere, faaks dreech te pleatsen meiwurkers it ek dwaan kinne, sa seit Keizer.

Trefwurden: 
UWV klantkontaktsintrum
(Advertinsje)
(Advertinsje)