Wetterskip ynvestearret 55 miljoen euro yn wetterbehear

19 okt 2017 - 13:43

Wetterskip Fryslân sil 55 miljoen euro stekke yn wetterbehear en duorsume maatregels yn Fryslân en it Grinzer Westerkertier. Dat stiet yn de konseptbegrutting foar takom jier. Goed 24 miljoen is bestimd foar feilichheidsprojekten om oerstreamingen en wetteroerlêst tsjin te gean. Ek giet der 17 miljoen euro nei it ferbetterjen fan de oan- en ôffier fan wetter. Bygelyks de renovaasje fan gemalen en keardammen. Foar de ferbettering fan de wetterkwaliteit wurdt 7 miljoen útlutsen.

Trefwurden: 
Wetterskip Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)