Cambuurspilers Mathieu en Kip pear dagen fuortstjoerd

19 okt 2017 - 13:25

Trainer Marinus Dijkhuizen hat Cambuurspilers Justin Mathieu en Ricardo Kip in pear dagen fuortstjoerd. It twatal makket ek gjin diel út fan de wedstriidseleksje foar it duel mei Almere City. Neffens Dijkhuizen rûnen se de kântsjes derôf op de training: "Ze zijn zondag weer welkom. Je moet je handen dichtknijpen dat je bij zo'n mooie club als Cambuur mag spelen."

Keeper Erik Cummins krijt freed de foarkar boppe Jesse Bertrams. Dijkhuizen kiest foar Cummins, om't Bertrams de lêste wiken te folle flaters makke hat. "Het was niet langer houdbaar. We hebben te weinig vertrouwen in hem momenteel", sa seit Dijkhuizen, dy't it beide keepers tiisdei ferteld hat.

De Ljouwerters geane freed op besite by Almere City FC. Dy ploech hat thús noch net ferlern, mar hat lykas Cambuur noch mar njoggen punten helle yn de Jupiler League. Dijkhuizen: "Ze zitten in hetzelfde schuitje als wij." De trainer wikselet op 'e nij yn syn ploech. Jurjan Mannes en Furdjel Narsingh begjinne yn de basis.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)