Fryske gemeenten leverje twadde tankautospuit yn

19 okt 2017 - 13:14

Fryske gemeenten leverje har twadde tankautospuit yn. Dat hat de Veiligheidsregio Fryslân tongersdeitemoarn besletten op in gearkomste yn Ljouwert. De Veiligheidsregio stimde hast unanym yn mei it dekkingsplan 2.0, allinnich boargemaster Marga Waanders fan de gemeente Dongeradiel wie tsjin. Sy hat grutte soargen oer de brânwachtsoarch yn har gebiet. Dy soargen libje ek yn de gemeenten Hearrenfean en Smellingerlân. "Ik begrijp niet waarom de inwoners en de bedrijven in het centrum van Heerenveen de snelste brandweerauto die beschikbaar is, wordt onthouden", sa sei boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean.

Goede dekking

It dekkingsplan 2.0 giet oer de weryndieling fan de brânwacht. Sa moat oeral yn de provinsje in goede dekking wêze. Alle kazernen bliuwe iepen en spesjalistyske weinen wurde op 'e nij ferdield. Fierders krije brânwachten in bettere oplieding en wurdt de paraatheid fergrutte. It plan giet foarearst foar in jier yn. Der is ôfpraat dat alles goed yn de gaten hâlden wurdt en alle tiden notearre wurde. Takom jier folget dan in evaluaasje. Neffens direkteur Wim Kleinhuis fan de Veiligheidsregio binne de soargen oer de dekking net nedich. "De earste auto is altyd hiel fluch by de brân. De twadde kin der wat langer oer dwaan, mar is binnen in kertier teplak. Net elkenien kin in twadde tankautospuit yn syn eigen doarp ha."

Tekoart oan bluswetter

By de gearkomste is ek noch praat oer it tekoart oan bluswetter. By de brannen yn in pleats yn Furdgum en yn de sporthal fan Burgum, earder dizze moanne, wie it dreech om oan genôch wetter te kommen. De Veiligheidsregio komt mei in plan oer hoe't de wetterfoarsjenning yn it gefal fan in grutte brân ferbettere wurde kin. Dat kin bygelyks troch it ynsetten fan in grutte wettertank of in auto mei in soad slangen foar grut wettertransport. Ek wurdt der tocht oan blusfivers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)