Parkearboete foar Feanfans

In hûnderttal besikers oan de fuotbalwedstriid SC Hearrenfean-Ado Den Haag hawwe sneontejûn in parkearboete krigen. De boetes binne útskreaun foar it fout parkearen yn 'e omkrigen fan it Abe Lenstra stadion.
By de trije eardere thúswedstriden is der warskôge dat de plysje tenei optrede sil tsjin foutparkearders. Wa't by de kommende thúswedstriden de auto net op in tastean plak delset riskeart op 'e nij in boete.