Begrutting Súdwest-Fryslân omheech nei 246 miljoen euro

19 okt 2017 - 12:11
It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De begrutting fan de gemeente Súdwest-Fryslân foar takom jier is tweintich miljoen euro heger as yn 2017. Dat docht bliken út de programmabegrutting dy't tongersdei presintearre wurdt troch it kolleezje fan b. en w. De tanimming, fan 226 miljoen nei 246 miljoen, komt foaral troch de gemeentlike weryndieling, dy't 1 jannewaris 2018 yngiet. De gemeente krijt der sa'n 5.300 ynwenners by út Littenseradiel.

It Sociaal Domein slokt de helte fan it totaalbudzjet op. Fierder is der twa miljoen euro beskikber foar it ynfieren fan de omjouwingswet en ien miljoen euro foar it ferbetterjen fan de digitale tsjinstferliening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)