Opnij ljochtshow op it stedhûs fan Boalsert

19 okt 2017 - 11:11

De bysûndere ljochtshow op it Boalserter stedhûs giet op werhelling. De reaksjes op de earste foarstellingen op it histoaryske stedhûs begjin oktober wiene sa posityf, dat de show kommende freed- en sneontejûn opnij te sjen is. It begjint beide kearen om kertier oer achten. By it ljochtspektakel wurde muzyk en bylden mei-inoar kombinearre.

It spektakel wie de ôfsluting fan it Fryske Marreprojekt, wêrby sûnt 2000 in pear hûndert miljoen euro útjûn is om it wettersportgebiet op te knappen.

Trefwurden: 
ljochtshow Boalsert stedhûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)