Minder WW-útkearingen yn Fryslân

19 okt 2017 - 10:37

Troch de ekonomyske groei fine hieltyd mear Friezen in nije baan. Yn septimber is it tal minsken yn de WW mei 454 persoanen ôfnaam. Oan de ein fan de moanne krigen noch goed 14.000 minsken in WW-útkearing. De delgong fan 3,1 prosint is itselde as it lanlike gemiddelde.

As je de sifers fan septimber fergelykje mei dy fan in jier lyn, dan gie it oantal wurkleazen mei 3.700 nei ûnderen. Der binne neffens it UWV yn ús provinsje in soad fakatueres, benammen by klantkontaktsintra fan soarchfersekerders.

Trefwurden: 
UWV WW wurkleazens
(Advertinsje)
(Advertinsje)