Fermisten eksploazje omkaam

07 jun 2012 - 15:40

De lichems fan de trije fermiste Friezen yn it ynstoarte hûs yn Súd-Italië binne fûn. Dat meldt NOS-Italië-korrespondinte Andrea Vreede op Twitter. Se skriuwt dat de boargemaster fan it plak Conversano de fynst befestige hat. Vreeze hat mei in wurdfierder fan de boargemaster belle.

De famylje út Wâldsein wie yn Italië op famyljebesite. De man is fan Italiaanske komôf. De man, de frou en it jonkje fan oardel jier binne dea fûn. It hûs waard tongersdeitemoarn om kertier foar njoggenen troffen troch in gaseksploazje.

Trefwurden: 
fermist Italië Wâldsein
(Advertinsje)
(Advertinsje)