Trainer Gertjan Verbeek yn petear mei FC Twente

19 okt 2017 - 10:17
Gertjan Verbeek - Foto: ANP

Gertjan Verbeek fan Jobbegea is kandidaat om haadtrainer fan FC Twente te wurden. De fuotbalklup hat de 55-jierrige Verbeek frege oft hy de opfolger wurde wol fan René Hake. "Ik heb nooit onder stoelen of banken gestoken dat ik Twente een mooie vereniging vind (…) Er zal eerst een gesprek moeten komen, maar ik sta er voor open", sa sei Verbeek woansdei by FOX Sports.

Verbeek begûn syn trainerskarriêre by Heracles Almelo en dêrnei gong er nei SC Hearrenfean, Feyenoord, AZ, FC Nürnberg en VFL Bochum. By dy lêste klup krige hy yn july dien. FC Twente stiet nei acht wedstriden op in teloarstellend 15e plak en hat dêrom haadtrainer René Hake út syn funksje set.

(Advertinsje)
(Advertinsje)