Theunis Piersma wint Britske priis foar trekfûgelûndersyk

Theunis Piersma by it Waad © Geartsje de Vries
Wittenskipper en heechlearaar Theunis Piersma fan Gaast hat in Britske priis krigen foar syn trekfûgelûndersyk. Hy krige de Marsh Award for International Ornithology woansdeitejûn foar syn ûndersyk nei de migraasje, ekology en evolúsje fan trekfûgels. De Britske sjuery is tige te sprekken oer it belang fan it ûndersyk, dat helpt by it sinjalearjen wêr't it waad en it plattelân it risiko rinne op oereksploitaasje.
Kanarjes yn koalemyn
Piersma wie by de priisútrikking oanwêzich en warskôge: "Trekfûgels litte ús op in nije en konfrontearjende wize sjen wat ús omgong mei de wrâld foar har, en úteinlik ek foar ús minsken, betsjut. No't wy nei jierren fan stúdzje yn steat binne om harren 'te lêzen', wurdt pynlik dúdlik hoe serieus wy de trekfûgels nimme moatte as kanarjes yn de koalemyn."
1.000 pûn
De ‘Marsh Award for International Ornithology’ is in jierlikse priis foar in yndividuele wittenskipper waans ynternasjonale ûndersyk fan ynfloed is op de Britske fûgelkunde, wittenskippers en frijwilligers, ferbûn oan it British Trust for Ornithology. Oan de Marsh Award is in bedrach fan 1.000 Ingelske pûn ferbûn.