Nije spilers Snits Wyt Swart

07 jun 2012 - 15:35
Alseny Bangoura yn it shirt fan FVC

Topklasser Snits Wyt Swart hat de seleksje fersterke mei trije nije spilers. Oanfaller Alseny Bangoura komt oer fan earsteklasser FVC, ferdediger Mark Homme van der Veen spile earder al foar Snits en komt werom fan de Hearrenfeanse Boys en ferdigener Thomas de Jong komt oer fan de jeugd fan Sportklup Hearrenfean.

Earder makken de Sniters al bekend dat Erolind Derguti oerkomt fan de Harkemase Boys en keeper Kevin van der Meulen fan Cambuur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)