Kollum: "Frénk"

"Tiisdei stie der in ynterview mei Frénk van der Linden yn de Volkskrant. Trije siden lang, en ik ha it yn ien ruk útlêzen, want it is fassinearjend. Frénk is in kollega fan my; hy is sjoernalist en bekend fan ynterviews foar it telefyzjeprogramma Altijd Wat, fan syn optredens yn De Wereld Draait Door en fan syn radioynterviews yn Kunststof op NPO Radio 1. Hy wurdt sechstich, en dat sille we witte.
Frénk - mei in e mei in accent aigu - stiet ûnder sjoernalisten bekend as meesterynterviewer. Net om’t alle sjoernalisten sa syn briljante ynterviews opsomme kinne, mar om’t Frénk dit oer himsels seit. Soms rûnút, mar soms ek ferburgen, sa as yn ‘e Volkskrant. De ynterviewster hellet in sjenant foarfal oan: In oare sjoernalist dy’t troch him traind is, sei in kear dat se frege waard om foar Volkskrant Magazine te skriuwen. Frénk hat doe sein "Dan zal je tijdens het gesprek met de hoofdredacteur vast een heel diep decolleté hebben gehad." Frénk herinnere him dit net, mar sei: "De verhouding tussen meester en leerling is altijd ingewikkeld."
Nee Frénk, dat falt wol ta, en leuk datst dysels wer efkes meester neamst. Dit is gewoan sjenant, en seksistysk boppedat, en ekskuzen binne op syn plak. It lit ek moai sjen hoe ûnwis asto djip fan binnen bist, datsto oaren it sukses net gunst. Of, sa’t de Amerikaanske skriuwer Gore Vidal sei: "It is not enough to succeed. Others must fail." Oan’t safier myn ienfâldige karaktermoard op myn kollega, behalve yn myn ôfslutende sin fan dizze kollum, want sa bin ik dan ek wol wer. Mar ik kin dit artikel oanriede om te lêzen, om’t ik tink dat dit tige learsum is. Foar wa’t sjoernalistyk belangryk fynt.
Frénk is de betinker fan it jierlikse ynterviewfestival, yn Amsterdam. Fansels bestiet in beropsgroep pas echt, as der in priis foar is. Leafst op nasjonaal nivo, oars wurdt it te yngewikkeld om ‘m te winnen. Frénk jout op dat festival sels ek in workshop. In wurkjouwer hat my dêr ea nei ta stjoerd.
Ik kin my mar twa dingen herinnerje fan dy workshop. It earste is dat Frénk fertelde wat hy mei ien oere Kunststof presintearjen op de radio fertsjinnet. Dat wie net folle, yn syn eagen, mar dat kompensearret hy troch regelmjittich foarsitter te wêzen op konferinsjes yn it bedriuwslibben. Yn de Volkskrant heakke hy dêr noch wat oan ta: op jierbasis fertsjinnet hy twa ton, wêrfan in kwart mei sjoernalistyk.
Hy ferpest de merk foar sjoernalisten, fyn ik. Want ik doch dat wurk dat Frénk docht ek, mar ik ha de lukrative 'dagvoorzitterschapjes' der net by. Yn elk gefal net foar dy bedragen. Sjoernalistyk learmomint: kongressen foarsitte.
It twadde dat ik my herinnerje fan de ynterviewworkshop is it bedrach dat op myn kaartsje stie. Der wie 180 euro foar my betelle. We wiene der mei goed fyftich man, dus dat is gewoan 9.000 euro, foar Frénk. Sjoernalistyk learmomint: freegje enoarme bedragen foar advizen, dan tinke minsken dat se better binne.
Frénk is in learmaster op gebieten dy’t hysels net yn ‘e gaten hat.
Ik tink dat Frénk in idelteut is dêr’t Ivo Niehe noch jaloersk op is. Mar dat is prima, want ik hoech net mei him op fakânsje fansels. Belangryk is dat we hjir in moai ynsjoch krije yn hoe’t de sjoernalistyk der op it stuit hinne leit yn Nederlân. It is wat hobbyisme. Echt jild kinst der net mei fertsjinje.
Of is jild fertsjinje mei sjoernalistyk allinnich weilein foar echte masters..."