"Lûdssifers ministearje oer Lelystêd doge net"

18 okt 2017 - 22:42

De Friezen sille mear lûdsoerlêst krije fan de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd as oant no ta oannaam. Dat seit Leon Adegeest fan de aksjegroep HoogOverijssel. Hy kaam der achter dat de lûdssifers dy’t it ministearje oant no ta oanholden net kloppe. Yntusken hat it ministearje dat ek tajûn en sil der opnij ûndersyk dien wurde, sa is tasein. En neffens Adegeest sitte der noch wol mear flaters yn de sifers fan it ministearje. Sa wurdt der neffens him gjin rekken hâlden mei hoe’t it lûd no is. Yn Fryslân is it relatyf rêstich en dertroch sil it lûd fan de fleantugen folle mear opfalle.

Fleanbewegingen

Alles sil neffens Adegeest ôfhingje fan it tal fleantugen dat oerkomt. En hoefolle dat krekt wurde is noch net dúdlik, sa die woansdei bliken op de ynformaasjejûn op it provinsjehûs oer de takomst fan Lelystêd. Derby gie it benammen oer de lûdsoerlêst en it tal fleanbewegingen. Neffens Van Avermaete fan de Luchtverkeersleiding Nederland sil dat yn elk gefal oant 2023 net mear wêze as 10.000. Dat is flink minder as de 45.000 dy’t de oerheid graach wol.

Der wurdt neitocht oer it meitsjen fan in proefflecht, om te testen hoefolle lûd der no echt produsearre wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)