Ekwadraat Groep wol twa kear sa grut wurde

18 okt 2017 - 22:06
De website fan Ekwadraat

De Ekwadraat Groep fan Douwe Faber hat in part fan it bedriuw ferkocht oan twa ynvestearders. It giet om Altus Capital en Van Rees Mangement. De stap is setten om de ûntwikkeling fan it bedriuw in nije ympuls te jaan. De Ekwadraat Groep groeit de lêste jierren flink en hat no sa'n 40 meiwurkers. Mei de fersterking fan nije oandielhâlders wol it bedriuw de kommende jierren twa kear sa grut wurde. De merk fan duorsumens wurdt hieltyd grutter en dat freget om mear goede minsken, kennis en kapitaal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)