Pear út Noardwâlde wennet boppe-op Rabo-pinautomaat

Sliepe santich sintimeter boppe in pinautomaat. In pinautomaat dy't mooglik doelwyt wurdt fan in plofkreak. It is de deistige praktyk foar Rosanna Faber en har freon. Sy wenje boppe de pinautomaat fan de Rabobank yn Noardwâlde. Nei de mislearre plofkreaken yn Haulerwyk en Bakkefean meitsje se harren grutte soargen oer harren feiligens. "We slapen er pal boven, er zit maar 50 of 70 centimer tussen. Ik denk elke avond 'Goh, wat voor nacht wordt dit. Bij alles wat ik 's nachts hoor, zit ik rechtop." Faber is yn ferwachting: ek de bernekeamer komt flakby de automaat te lizzen. It pear hat op it stuit net de mooglikheid om te ferhúzjen. Se wolle dan ek it leafst dat de automaat gewoan fuortgiet.

Dy kâns is lykwols lyts, sa seit direkteur Henk de Boer fan de Rabobank Hearrenfean-Súdeast Fryslân. De minsken wenje der feilich neffens him. "Alle maatregelen die nodig zijn om het veilig te maken, hebben we getroffen, zoals een stalen plaat voor de pinautomaat. Je weet natuurlijk nooit met wat voor zwaar kaliber men op de proppen komt, maar vooralsnog is het veilig.''
De Rabobank hat nei oanlieding fan de klachten van Faber en har heit kontakt hân mei de gemeente, mar dy seit dat der foarearst gjin oare wenromte is en ferhúzjen dus noch gjin opsje is.