Nije rotonde by Balk soarget foar mear feilichheid

18 okt 2017 - 19:56

By Balk is woansdeitemiddei in nije bredere rotonde iepene dy’t de oerlêst fan swier ferkear yn meardere doarpen tsjingean moat. It giet om de rotonde dy’t de Suderséwei ferbynt mei de Sudergoawei. De rydstrook is itselde bleaun, mar dêr omhinne is it allegearre wat rommer wurden. Grutte frachtweinkombinaasjes koene der hast net foarby komme. Dêrtroch gong it swiere ferkear fan en nei it yndustryterrein fan Bakhuzen oer Sondel, Nijemardum, Aldemardum en Riis. Dat soarge foar oerlêst en betiden gefaarlike situaasjes. Ek frachtferkear fan bedriuwen yn Balk hie lêst fan de krappe rotonde yn de provinsjale dyk.

Trije partijen ha derfoar soarge dat de rotonde oanpakt is: it Ondernemersnetwerk Gaasterland, de provinsje en gemeente de Fryske Marren. 

(advertinsje)
(advertinsje)