Damwâld: "Wêr binne de twa strunende manlju út Ingelân?"

18 okt 2017 - 19:46

Hiel Damwâld siket nei twa minsken út Ingelân dy't dit wykein omstrúnden yn de greiden by De Boarken, tusken Rinsumageast en Damwâld. Se sochten nei it plak dêr't yn 1943 in Ingelske bommewerper delstoarte. Ien fan de Ingelsen soe de pakesizzer wêze fan ien fan de sân ynsittenden fan it fleantúch, de iennige oerlibjende fan de kresj: sersjant F. A. 'Curley' Painter.

Henk en Iekje van der Steege út Damwâld wiene in stikje oan it kuierjen doe't de Ingelsmannen harren de wei fregen nei De Boarken. Se rekken mei de mannen yn petear en hearden wat de reden fan de syktocht wie. De Van der Steeges wiisden de mannen de wei en binne wer fierder kuiere. Letter betochten se dat it wol in hiel nijsgjirrich ferhaal wie en hat Iekje mei de gemeente Dantumadiel belle. Sa kaam Pieter van der Bij van de histoaryske wurkgroep 'Se Foelen Foar Us' efter de syktocht fan de mannen.

"Wy wolle se graach fan ynformaasje foarsjen en it krekte plak dêr't it fleantúch delstoart is oanwize'', sa seit Van der Bij. "As it my net mist is der sels noch in kûle te finen yn it fjild dêr't it fleantúch delkaam is. Mar foar in ûnbekende is dat net maklik te finen."

Mei in berjocht op Facebook besiket de histoaryske wurkgroep 'Se Foelen Foar Us' de Ingelsen te finen. Se ride yn in swarte auto en binne ûngefear 40 jier. Wierskynlik binne se dizze wike noch yn Fryslân. It Facebookberjocht is yn it Nederlânsk opsteld. Matthijs van der Steege, de soan fan it pear út Damwâld hat kontakt mei de BBC en de Bristol Post en hat dêr in Ingelsk berjocht hinne stjoerd. Dit komt ek op de Facebookpagina fan 'Se Foelen Foar Us'. Dat moat mear fertuten dwaan.

Takom jier 18 maaie komt der in monumint op it plak fan delstoarten: de wurkgroep soe it prachtich fine as de mannen en oare neikommelingen fan de oare ynsittenden dêr by wêze kinne soene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)