Marijke Groenewoud mist seizoenstart troch Pfeiffer

Marijke Groenewoud © Timsimaging.nl
Marijke Groenewoud fan Hallum mist de start fan it reedrydseizoen, omdat se de sykte fan Pfeiffer hat. Mei twa Europeeske en seis Nederlânske skeelertitels seach se wakker út nei it nije seizoen, mar har debút by de lanlike maratonwedstriden moat se noch even útstelle. Nei de lêste skeelerwedstriden naam Groenewoud even rêst, mei it plan om dêrnei it reedriden wer op te pakken. "By de earste trainingen fielde ik my hielendal net goed, ik wie allinnich mar ferskriklik wurch", sa seit se.
In ynspanningstest liet sjen dat der wat mis wie. Bloedûndersyk makke dêrnei dúdlik dat se de sykte fan Pfeiffer ûnder de lea hat. It is noch net dúdlik hoelang oft se oan de kant stean moat.
Marijke Groenewoud rydt by Team Frysk, dy't in gearwurking sletten hat mei de ploech fan Jillert Anema. Dat is foar har de mooglikheid om mei grutte nammen te trainen en maratons te riden. Behalve de maratons, wol Marijke har ek rjochtsje op de massastart en it WK foar junioaren yn Salt Lake City. Se ferwachtet net dat dat toernoai yn gefaar komt. "Het seizoen is noch lang."