CNV: "Bank hat jildkraan nei BSB Burgum tichtdraaid"

18 okt 2017 - 17:57
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Neffens fakbûn CNV binne der yndied problemen by BSB Staalbouw. De bank soe de jildkraan tichtdraaid hawwe. Wêrom't se dat dien hawwe is noch net dúdlik. BSB Staalbouw wol sels net reagearje op de berjochten dat der in fallisemint driget. RTV Noord melde dat woansdei. Neffens de omrop komt de meidieling fan Rykswettersteat. Dy hat it opknappen fan brêgen by de seesluzen fan Farmsum útbestege oan BSB. It bedriuw is moandei ek begûn mei it wurk, mar yntusken leit it al wer stil. Rykswettersteat seit by RTV Noord te hoopjen op in trochstart fan BSB, sadat it wurk oan de brêgen ôfmakke wurde kin. BSB Staalbouw wie ek belutsen by it ûngelok mei in brêgedek yn Alphen aan de Rijn yn 2015.

Moandeiteitemiddei om 16:00 is der in gearkomste foar de leden fan fakbûnen FNV en CNV. De bûnen hoopje dan dúdlikheid te jaan oer de situaasje.

Trefwurden: 
BSB Staalbouw Burgum
(Advertinsje)
(Advertinsje)