Ried fan Steat jout grien ljocht foar fytsewinkel yn Harns

18 okt 2017 - 17:39

Undernimmer Tim Dotinga mei in motor- en fytsewinkel begjinne yn in túnsintrum oan de Alde Trekwei yn Harns. Dat hat de Ried fan Steat woansdei bepaald. De gemeente hie earder al fergunning foar de winkel ferliend, mar luts dy yn doe't der protest tsjin yntsjinne waard. De Ried fan Steat bepaalde lykwols dat de fergunning wol ôfjûn wurde moat. Dotinga wol neist de winkel ek in yndoar-fytsbaan oanlizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)