FIDEO: Bobsliders dreame fan Olympyske Spelen

18 okt 2017 - 17:00

Bobsliders Dennis Veenker en Jeroen Piek meie wer dreame fan de Olympyske Spelen. Se sitte by de Nederlânske bobslydploech dy't tiisdei bekendmakke is. As der yn de kommende moannen hiel goed prestearre wurdt, is pleatsing foar Pyeongchang wis. Der moat noch wol in hiel soad foar barre. Dêrom traine Veenker en Piek op Thialf. Se binne krekt werom út Noarwegen foar de ploegepresintaasje, no stiet der alwer in pittige training pland.

Se ha sân wrâldkups dêr't de fjouwermansbob dus by de earste 12 yn einigje moat yn it klassemint. Beide manlju binne ferromme dat se by it team sitte. Veenker miste it lêste part fan it ôfrûne seizoen. It bobslydbûn fûn him net fit genôch. Piek komt werom fan fier. Hy krige yn 2014 in depresje. De blik giet no op 2018. Mei in nije sponsor en mear profesjonele begelieding wolle de bobbers nei Súd-Koreä. Oer in pear wiken begjint it bobslydseizoen mei de earste wrâldkup yn Lake Placid, yn it noarden fan Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)