Earste easken yn rjochtsaak oer grutskalige himptylt

18 okt 2017 - 16:34
De rjochtbank yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Selstraffen fan 30 en seis moanne, dat wiene de easken op de earste sittingsdei oer de saak fan de grutskalige himptylt yn Fryslân. Twa Ljouwerter fertochten fan 34 en 35 jier stiene foar de rjochter yn Ljouwert. Beide wurde fertocht fan grutskalige himptylt en it dielnimmen oan in kriminele organisaasje. De offisier fan justysje sei dat oer himptylt faak luchtich dien wurdt, mar dat it giet om kriminele aktiviteiten dy't ûndermynjend wurkje. Sa is der faak sprake fan wapenbesit.

Tongersdei wurde de saken fan fjouwer oare fertochten behannele. Freed folget de saak fan noch twa fertochten en op 25 oktober moatte de lêste twa fertochten foar de rjochter komme. Twa saken binne oanhâlden en wurde letter behannele.

De saak kaam oan it rôljen nei in plysjeynfal yn in loads oan de Marconistrjitte yn Frjentsjer op 20 novimber 2015. Dêr waard in grutte himpkwekerij oantroffen. Under de koadenamme Ismene waard in grut ûndersyk opsetten. Op 9 febrewaris 2016 folge in grutte plysje-aksje. Doe waarden sân fertochten oanhâlden en op ferskate plakken waard ûndersyk dien. Der waard 70 kilo drûge himp fûn. Fierder waarden meardere kwekerijen oprôle en djoer guod waard yn beslach naam.

Trefwurden: 
himptylt rjochtsaak Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)