F-16's oefenje op oanfallen fan doelen op de grûn

De fleanbasis Ljouwert is dizze dagen it doelwyt fan F-16's fan dyselde basis. Der wurdt oefene op it oanfallen fan doelen op de grûn. Spesjalisten fan de lânmacht striele dan mei in laser doelen oan dy't bombardearre wurde moatte. Dy feardichheden binne meikoarten wer nedich as de piloaten op útstjoering gean nei it Midden-Easten. It ôfrûne jier is bot ynset om de piloaten wer goed traind te krijen. Der wurdt boppe de fleanbasis oefene, mar ek gewoan op oare plakken tusken doarpen en stêden. Dit soarte fan oefeningen binne fan grut belang foar de piloaten. Elke flecht wurdt evaluearre. De piloaten sels binne klear om wer op misje te gean.