Genôch jild foar begraffenis fan deastutsen Ursel Sprott

© Kappers Media
Foar de begraffenis fan Ursel Sprott út Ljouwert is genôch jild ynsammele. De 35-jierrige man waard ferline wike yn Ljouwert deastutsen, yn de buert fan de Grutte Tsjerke, yn it sintrum. Foar de begraffenis wie 3.500 euro nedich. De inisjatyfnimmer fan de jildynsammelaksje, Mourad el Kadi, skriuwt no op Facebook dat dit bedrach yn twa dagen tiid binnenhelle is. Net allinnich famylje en freonen hawwe donearre, ek ûnbekenden hawwe jild tasein. Sprott wie noch mar in pear moanne yn Nederlân. De fersekering keart pas út as je in jier yn Nederlân wenje.
Foar de stekpartij is in man fan 38 jier út Ljouwert oanhâlden.