Revolúsje yn skûtsjewrâld: IFKS stelt út om sneins te silen

18 okt 2017 - 15:45

It kin samar wêze dat takom simmer ek op snein skûtsjesyld wurdt. De IFKS hat serieuze plannen om de wedstriid by Starum op dy dei te hâlden. Dy wedstriid wie oant no ta altyd op moandei. Sile op snein soe in revolúsje wêze yn de skûtsjewrâld. By de kampioenskippen fan de SKS en IFKS wurdt noait op snein syld. Troch de wedstriid op snein te fersilen, soe letter yn de wike romte komme foar in rêstdei. Op dy dei kinne dan ek de wedstriden ynhelle wurde dy't troch de waarsomstannichheden net trochgean koenen. Dit jier giene meardere wedstriden net troch om't der te folle of te min wyn wie.

It bestjoer fan de IFKS sil oan de skippers freegje oft se ree binne om op snein te silen. Dat bart yn in gearkomste yn novimber. De skûtsjes sile yn it foarseizoen wol op snein. Der binne meardere wedstriden dy't yn it wykein organisearre wurde, sa as Lemmer Ahoy, de Slach om Heech en de iepeningswedstriden by Langwar. Earder dit jier hat Langwar oan de IFKS frege om in wedstriid op de Langwarder Wielen te organisearjen. As de Starumer silerij fan de moandei nei de snein ferskoot, soe dêr fierderop yn de wike mear romte foar komme. Dan soe de hiele wedstriidkalinder fan de IFKS op de kop gean.

"It fersyk is fan it wedstriidkomitee en in tal skippers kommen om hjir yn de gearkomste ris oer te diskusjearjen," seit Sicko Heldoorn, foarsitter fan de IFKS. Earder is ek oer de snein praat, mar doe is dy dei der net trochhinne kaam.

Trefwurden: 
IFKS snein Starum skûtsjesilen
(Advertinsje)
(Advertinsje)