Sinteklaas hat ferlet fan personiel foar yntocht yn Dokkum

18 okt 2017 - 15:43
De lanlike yntocht fan Sinteklaas fynt dit jier yn Dokkum plak - Foto: ANP

Sinteklaas komt op 18 novimber oan yn Dokkum en om dat feest yn goede banen te lieden siket de organisaasje gasthearen en -froulju. Dizze minsken komme by de tagongspoarten of oan de rûte troch de stêd te stean. Se wize besikers it paad en beäntwurdzje fragen oer fan alles en noch wat. Fia Facebook kinne minsken har oanmelde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)