Pathé nimt bioskopen Tivoli en Cinema yn Ljouwert oer

18 okt 2017 - 15:21

De besteande bioskopen Tivoli en Cinema yn Ljouwert wurde oernommen troch Pathé. Dat hat it bedriuw woansdeitemiddei sels bekendmakke. Pathé is op it stuit dwaande mei plannen foar in grutte nije bioskoop yn Ljouwert, mei sân sealen en romte foar 1.000 besikers. Dy soe komme moatte achter it gerjochtshôf yn Ljouwert.

Tivoli en Cinema protestearren oant by de Ried fan Steat tsjin de komst fan dy nije bioskoop. Sy wiene benaud dat de komst fan Pathé harren ein betsjutte soe. Pathé neamt de oername in belangrike stap om in liedende posysje yn Ljouwert te krijen. No't de besteande bioskopen oernaam wurde, betsjut dat yn alle gefallen behâld fan wurkgelegenheid foar de meiwurkers fan Tivoli en Cinema. De oername giet op 1 desimber 2017 yn.

Ek de Cinema-bioskoop yn Hengelo yn Oerisel wurdt oernommen troch Pathé. De eigener fan de besteande bioskopen yn Ljouwert - Loren Holding - wie al wat langer mei Pathé yn petear oer in oername.

(Advertinsje)
(Advertinsje)