Fotografe siket minsken mei skeinspruten foar in boek

18 okt 2017 - 15:18

Fotograaf Judith Minks út Harns siket minsken mei skeinspruten foar in boek dat se dêroer meitsje wol. "Van jong tot oud, met weinig of veel sproeten, in de meest brede zin van het woord, zoek ik ze. Ik heb de neiging alles te willen ordenen, maar met sproeten gaat dat niet lukken. Ik kan er eindeloos naar blijven kijken," fertelt se yn De Middei fan Fryslân. Se fotografearret de minsken yn swart-wyt en se wurket mei deiljocht. "Dan komen de sproeten nog beter uit. Vaak verdwijnen de sproeten naarmate je ouder wordt, dus ik zou heel graag oudere mensen willen fotograferen. Veertig-plussers heb ik al, maar iemand van boven de vijftig is nog niet gelukt."

Se fotografearret de minsken by har thús dêr't se in lytse studio hat. Se hopet 150 portretten meitsje te kinnen en sa'n 90 moatte dan yn in boek komme dat se yn 2019 útbringe wol. Minsken kinne har oanmelde op de webside fan Judith Minks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)