Menameradiel yn aksje om oerlêst yn Berltsum foar te kommen

18 okt 2017 - 15:09

De gemeente Menameradiel sil der alles oan dwaan om der foar te soargjen dat der goede ôfspraken komme oer de húsfêsting fan mear as 100 kasarbeiders. De bewenners fan wenwyk de Pôlle yn Berltsum binne bang dat de komst fan de kasarbeiders foar oerlêst soargje sil en de leefberens yn de wyk oantaaste sil.

Neffens boargemaster Piersma is foar acht huzen al in definitive fergunning ôfjûn. Foar de seis oare huzen rint de proseduere noch, hjirby binne ek beswieren troch omwenners yntsjinne. Neffens Piersma is it net de bedoeling dat der allinnich mar allinnichsteande manlju yn de huzen komme te wenjen. "It giet om gesinnen, mei manlju en froulju.''  

(advertinsje)