Utstjoerburo ferrast oer ûnrêst yn Berltsum oer kasarbeiders

18 okt 2017 - 14:19

Utstjoerburo VZM is ferrast troch de ûnrêst ûnder de bewenners fan nijbouwyk De Pôlle yn Berltsum oer de plannen om tusken de 100 en 130 kasarbeiders te húsfestjen yn 14 wenningen yn de nijbouwyk. De bewenners fan de wyk binne bang foar de leefberens yn de wyk, dêr't in soad famyljes mei bern wenje. Dy eangst is neffens Ruud Kok fan it útstjoerburo net nedich. Der sille neffens him famyljes yn de huzen te wenjen komme, wêrby't it oantal froulju like heech is as it oantal manlju. "Het zijn families waar we al jaren mee werken. Dat hebben we expres zo gedaan, zodat er ook interne controle is.''

It útstjoerburo seit dat der út it bedriuw wei tafersjoch is op de bewenners. Dat de wykbewenners net yn it foar ynformearre binne, hat der neffens Kok mei te krijen dat sy net tocht hiene dat der beswier tsjin wêze soe. ''Wij huisvesten mensen overal in Nederland op deze wijze, en er zijn nooit problemen.'' De huzen yn Berltsum wurde yn jannewaris oplevere. It is de bedoeling dat de nije bewenners der dan sa gau as mooglik yn komme en dat de huzen permanint bewenne wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)