Nije technyk helpt by operaasjes boarstkankerpasjinten

18 okt 2017 - 14:11

Boarstkankerpasjinten kinne tenei better operearre wurde mei in nije technyk dy't mei ûntwikkele is troch it ynvestearringsfûns fan De Friesland Zorgverzekeraar. By dizze technyk wurde de kankersellen sichtber makke mei in fluoressearjende floeistof. Dan kin de sjirurch better sjen watfoar weefsel oft fuorthelle wurde moat en wat sitten bliuwe kin. Der binne dan minder werhellingsoperaasjes nedich. It UMC yn Grins wurket sûnt maart 2012 oan de nije metoade, mei sinten fan ûnder oaren de Fryske soarchfersekerder. No is oantoand dat de nije metoade effektyf is. De ynvestearders hawwe har útfining dêrom ferkocht oan in grut Italiaansk bedriuw op it mêd fan de sûnenssoarch. Dy wol de nije technyk no yntrodusearje yn oare sikehûzen. 

Manager Ben Dijk fan it partisipaasjefûns: ''Wij investeren in een vroeg stadium in innovaties die de zorg kunnen verbeteren. Zodra blijkt dat het geslaagde innovaties zijn, laten we het vervolg over aan grotere marktpartijen om ze verder uit te rollen. Zo profiteert uiteindelijk de patiënt, en dus ook de verzekerde van De Friesland, hiervan.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)